De Fjouer Geheimen Lyrics

Album: Orion

De fjouer geheimen

I: Kâld as iis

folst fan út dyn libbensdream

mei gang werom yn de werkelikheid

wêr´t neat sa is

sa at ik graach wol

en elts syn eigen libben hat

sjoch dan ek

wat ik probear te sizzen

de wyn, kâld as iis, lit it gefoel ferstjerre

yn´e donkere hjerstjûn

de rein spielt de winsk net fuort

mar lit him just sterker wurde

ik wol opnij berne wurde

yn de djipste onskuld

sûnder ynfloeden fan dy

ik wol opnij berne wurde

yn in hiel nij bestean

fier fan dy

misbrûkt troch dyn eigen ideaal

sitst no mei de hannen yn it hier

tel it oantal fingers oan ien hân

hieltyd wer, mar wer foar?

at sels de muzyk je kâld lit

at die dei kommen giet

at it ljocht net iens mear ljocht mear jaan kin

en de kânsen binne fersein

wit dan dat it better is

dat it hjoed sa gong

ik wol opnij berne wurde

yn de djipste onskuld

sûnder ynfloeden fan dy

ik wol opnij berne wurde

yn in hiel nij bestean

fier fan dy

II: Spegels

III: Fongen

fongen yn in wrâld fan stien

swak en ûndergeskikt

IV: De projeksje fan eangst

fol fan fjoer raas ik yn´e wyn op

en hiel even liket it as krij ik gehoar

fongen yn it iensame grutte bosk

sjocht ek net ien mar nei my om

myn angst groeit at de nacht wer falt

en triuwt my nei de râne

it fielt as at er in diel fan my stjert

eltse dei wer in stik

sa faak sjoch ik it byld

fan ien dy´t wit wêr´t er foar stiet

en like faak sjoch ik ek

de projeksje fan de eangst

it waard al sa faak sein

fan jongs of is´t der ynbrocht

se prate it dy allinnich mar oan

mar is der werkelik sa iets

sa faak sjoch ik it byld

fan ien dy´t wit wêr´t er foar stiet

en like faak sjoch ik ek

de projeksje fan de eangst

sa faak sjoch ik it byld

fan ien dy´t wit wêr´t er foar stiet

en like faak sjoch ik ek

sa faak sjoch ik it byld

fan ien dy´t wit wêr´t er foar stiet

en like faak sjoch ik ek

de projeksje fan de eangst

© 2000 J.Rekker